Afdeling
Noord
Nederland
Start. Oer psoriasis. Oer PVN. Aginda. Rekreaasjereis. Nijs. Lid wurde. Kontakt.
Psoriasis, en dan?

As jo dokter jo fertelt, dat jo psoriasis hawwe, wurde jo nei alle gedachten aardich kjel! Net alhiel ûntrjochte. Nei de diagnose tinke in protte lju dôchs: en hoe no fierder? Sjocht myn libben der no tenei oars út? Wat is psoriasis eigentliks en wat is der oan te dwaan? Fansels kinne jo ek sels op’e sneup gean nei ynformaasje oer psoriasis of der mei jo eigen húsdokter oer prate. Dôchs is dit fakentiids net genôch. Ut ûnderfining witte wy, dat in protte lju ek fan oaren witte wolle, hoe’t sy der mei libje en omgeane. Troch lid te wurden fan de Psoriasis Feriening Nederlân (PVN) kinne jo mei lotgenoaten prate, ûnderfinings útwikselje en krije jo goede ynformaasje oer psoriasis.

De PVN is in lanlike feriening mei regionale ôfdielings en hat mei-elkoar sa’n 6000 leden. De ôfdielings, dy’t allegearre in eigen bestjoer hawwe, wurkje regionaal. De PVN is in pasjinteferiening en de Ferieningsried is it heechste beliedsbepalend orgaan. It algemien bestjoer fan de PVN stelt binnen dit kader it belied fan de PVN fêst. De PVN set’m yn foar alle minsken mei psoriasis. Yn ús lân binne dat om ende by 300.000: jong en âld, man en frou. De PVN wol de kwaliteit fan libjen fan minsken mei psoriasis ferbetterje. Om dit doel te berikken, is de feriening aktyf op it mêd fan:
- foarljochting
- lotgenoatenkontakt
- belangebehertiging

It jaan fan foarljochting.
De feriening jout ferskate folders út oer psoriasis. Sa binne der folders, dêr’t dúdlik yn útlein wurdt, wat psoriasis is en hokker behannelings der binne. Dan binne der ek folders foar bern en jongerein mei psoriasis. Dizze útjeften binne fergees foar de leden fan de feriening. Net-leden betelje in lytse bydrage. Yn it blêd fan de PVN, PSORIASIS, dat ien kear yn de twa moannen útkomt, kinne jo ûnderfiningsferhalen en medyske artikels lêze en krije jo ynformaasje oer de nijste ûntwikkelings op it mêd fan de behannelings fan psoriasis. Yn it blêd is ek romte foar lotgenoatenkontakt yn de rubryk: “Achte redaksje..” As jo lid wurde fan de PVN krije jo automatysk it blêd PSORIASIS yn’e brievebus. Leden fan de ôfdieling Noord Nederland krije boppedat noch 4 kear yn’t jier de periodyk, dêr’t alle ynformaasje fan de ôfdieling yn stiet.

It stimulearjen fan lotgenoatenkontakt.
De ôfdielings fan de PVN organisearje aktiviteiten yn harren eigen regio. Sa binne der geregeld foarljochtings – en praatjûnen, dêr’t jo en jo oare helte fan herte wolkom binne. Fakentiids hâldt in dokter (bygelyks in hûddokter of reumatolooch) in lêzing oer in medysk ûnderwerp. Nei ôfrin kinne jo fragen stelle oan dizze saakkundige. De praatjûnen binne benammen bedoeld om it lotgenoatenkontakt te stimulearjen. Jo kinne mei oaren, dy’t ek psoriasis hawwe, prate oer jo swierrichheden en ûnderfinings. Foar gâns lotgenoaten is it lotgenoatenkontakt tige weardefol. Want lotgenoaten hawwe krekt oan in heal wurd genôch. Hja witte by útstek wat it is om psoriasis te hawwen. In protte ôfdielings organisearje ek ferdivedearjende aktiviteiten, sa as mei-elkoar nei de sauna, swimme, kuierje of spultsjes dwaan. De wurkgroep Jongerein fan de PVN organisearret allerhanne aktiviteiten foar jonge lju mei psoriasis. As jo mei fragen sitte of gewoan prate wolle mei in lotgenoat oer jo hûdsykte, skytskoarje der net tsjinoan. Jo binne altyd wolkom by ús ôfdieling Noord Nederland fan de PVN. Jo kinne lotgenoaten ek treffe op rekreaasjereizen, dy’t de PVN elke maitiid en hjerst foar har leden organisearret. Dizze reizen geane altyd nei sinnige kontreien en as der genôch belangstelling is, organisearret de PVN ek kuerreizen nei de Deade See yn Israël.

It behertigjen fan jo belangen.
De PVN set’m yn foar alle lju mei psoriasis. De feriening wol, dat de maatskiplike posysje fan lju mei psoriasis ferbettert. De PVN set’m yn foar in goede en tagonklike sûnenssoarch foar lju mei psoriasis, want dêrtroch ferbettert de kwaliteit fan harren libben. Om jo belangen goed behertigje te kinnen, oerleit de PVN geregeld mei soarchfersekerders, soarchferlieners, farmaseutyske bedriuwen en mei it Nasjonaal Hûdfûns. De PVN ûnderhâldt boppedat kontakten mei bûtenlânske susterorganisaasjes. De feriening is ek oansletten by ûnderskate oerkoepeljende pasjinte-organisaasjes yn ús lân. Mei-elkoar steane jin sterker en