Afdeling
Noord
Nederland
Start. Oer psoriasis. Oer PVN. Aginda. Rekreaasjereis. Nijs. Lid wurde. Kontakt.

De Psoriasis Vereniging Nederland (PVN) stiet noed foar de belangen fan minsken mei psoriasis. De PVN besiket dit doel nei te stribjen, troch:


·
it befoarderjen fan wittenskiplik ûnderwiis en ûndersyk op it mêd fan psoriasis.
·
it stimulearjen fan de ûntwikkeling fan kennis en behannelingsmetoaden.
·
it befoarderjen fan in goed begryp tusken pasjinten en behanneljende dokter.
·
it befoarderjen fan goede kontakten tusken de leden ûnder elkoar (lotgenoaten kontakt) en it befoarderjen fan yntegraasje fan de leden yn de maatskippij.
·
it sammeljen fan ynformaasje oer de hûde-oandwaning en it trochjaan fan ynformaasje dêr oer oan leden en oare belangstellenden.
·
saakkundigen foarljochting jaan te litten oer medyske, likegoed as psychyske en sosjale aspekten fan de hûde-oandwaning.
·
gear te wurkjen mei organisaasjes en ynstellings, dy’t itselde doel neistribje.
·
gebrûk te meitsjen fan oare wettige middels, dy’t it doel fan de feriening tsjinje kinne.
De PVN is ûnderferdield yn regionale ôfdielings, dy’t allegearre harren eigen bestjoer hawwe. Alle ôfdielings leverje in bestjoerslid foar’t Algemien Bestjoer (AB). Trije leden fan it AB foarmje tagelyk it Deistich Bestjoer (DB) fan de PVN: de foarsitter, de skriuwer en de ponghâlder.
As Algemiene Gearkomste bestiet by de PVN de “Ferieningsrie” (Verenigingsraad – de VR), dêr’t fertsjintwurdigers fan de regionale ôfdielings yn sitte: ien
Leden krije 6 kear yn’t jier it blêd "PSORIASIS"

Leden fan de ôfdieling Noord Nederland krije boppedat noch 4 kear yn’t jier de periodyk, dêr’t alle ynformaasje fan de ôfdieling yn stiet.
Aktiviteiten

Wy organisearje jierliks 4 foarljochtingsjûnen.
Om dizze aktiviteiten organisearje te kinnen, freget de PVN in jierlikse bydrage fan jo.
De kontribúsje fan it lidmaatskip is 29,50 euro yn’t jier.