Afdeling
Noord
Nederland
Start. Oer psoriasis. Oer PVN. Aginda. Rekreaasjereis. Nijs. Lid wurde. Kontakt.
Rekreaasjereizen foar PVN-leden

Yn’ t begjin fan de tachtiger jierren is de PVN (destiids de NBPV)  útein set mei it organisearjen fan rekreaasjereizen foar har leden. Gâns lju ha al mei west op in reis nei in waarm Europeesk lân. De Wurkgroep Rekreaasjereizen besiket altyd om in lokaasje te finen, deunby it strân. It leafst net te drok, mar ek net te rêstich, Somtiden is it mooglik om sûnder klean yn’ e sinne te lizzen.  It is tige noflik dat minsken mei psoriasis yn groepsferbân sa ûntspand mei harren hûdsykte omgeane. Boppedat ûntsteane der gauris aardige kontakten. De frijwilligers fan de Wurkgroep Rekreaasjereizen sette harren dan ek oer alle boegen yn om mei in profesjoneel reisburo de dielnimmers in noflike fakânsje te jaan.

Reisbegelieding

De wurkgroep hat in reisbegelieder ta harren foldwaan, dy’t der de hiele reis by bliuwt. Nei ôfrin fan de reis is der in evaluaasje, om te sjen oft der ek saken binne, dy’t ferbettere wurde moatte.
De reisbegelieder hat gjin medysk foech. Fan de dielnimmers wurdt ferwachte, dat se de reis selsstannich meitsje kinne. Wa’ t dat wol, kin fansels in begelieder of  reisgenoat meinimme.